Zoekresultaten voor: *
Resultaat 101 - 120 (van 191)
Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe
Ferhaleboek foar froulju
Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Oer alles wat ophise, bykleure en fuortsûge wurde kin, of krekt net. Oer lytse en grutte argewaasjes, skytskjinne froulju en bewarderige types. Wat raukost, sûkela, in optriuwbeha en in reserveman foar in frou betsjutte kinne. Inhoud Skytskjin Beropsgeheim De broadsjes Foar de fûgeltsjes Himmeleritis Kataboalysk Kessentsjes Spermaspul Stress-hin Uterste hâldberheidsdatum Oerdwealske winterwoartel...
Westerlauwers Fries | 3 uur 8 minuten (106 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Johan Veenstra Een brogge van glas
Een peer weken nao et wegraken van zien moeder kwam Johan Veenstra eerst an de weet wie zijn vader was en ontdekte hi'j dat hi'j in halfbreur hadde. Tien jaor later hat hi'j dat gegeven verwarkt in zien vierde roman Een brogge van glas. Et boek begint as de schriever een brief an die onbekende breur schrift en de spannende vraoge is dan as en hoe daor op reageerd wodden zal. In tussentied beschrift Veenstra mit grote eupenheid fragmenten uut zien leven. Et opgruuien in een klein Stellingwarfs dörp...
Westerlauwers Fries | 5 uur 20 minuten (309 MB) | Stellingwarver schrieversrondte, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Koos Tiemersma De mjitte
Mette krijt mei har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline: yn de kleurrike folksbuert fan in Frysk stedsje, mei in alkohoalyske heit, in dweperige mem en Boyen, in wat jongere healbroer mei in fierstente rike fantasy. De fassinaasje fan Mette foar Boyen sloech om yn ôfgeunst en by einsluten in ferwidering tusken beide. Mar nei al dy jierren wol Mette op 'e nij kontakt mei Boyen en sjocht se foar it earst ek kritysk nei har eigen hâlden...
Westerlauwers Fries | 10 uur 31 minuten (645 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Riek Landman Liet foar myn jonge
De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. Nei de dea fan heit Keimpe bliuwt syn widdo Minke wenjen yn it grutte âlde hûs by har dochter Andrea en dy har húshâlding. Minke har soan Arjen kin net rjocht aardzje yn Frankryk. Hy wurket earst yn Cherbourg en letter wennet er yn earmoedige omstannichheden yn Parys. In inkelde brief is syn iennichste kontakt mei de famylje. Minke begjint him stadichwei tige te missen en de langst nei it eardere...
Westerlauwers Fries | 5 uur 14 minuten (337 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries | 2 uur 31 minuten (148 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys
Oantinkens
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild tekeap is. Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Dy brieven jouwe in byld fan it erflik wrotten en wramen fan de boer en de noed om fee en bedriuw. Fan dy noeden...
Westerlauwers Fries | 6 uur 4 minuten (364 MB) | Venus, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Simon Sebag Montefiore Sasjenka
Sasjenka (2008) is it earste deel fan de ferneamde Moskou-trilogy fan Simon Sebag Montefiore. Montefiore is de skriuwer fan in oantal boeken oer de skiednis fan Ruslân, mar hij hat ek in feardige pinne as romanskriuwer oer de perioade dêr't er as histoarikus oer skreaun hat. Sasjenka is de namme fan de haadfiguer fan it earste boek fan de trilogy. Yn 1916 is sij 16 jier âld. Sij wennet yn Sint-Petersburg. Har heit, baron Zeitlin, is in rike Joad út Odessa, mar sij is troch har Joadse omke Mendel...
Westerlauwers Fries | 460 pagina's (ePub3, 1,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2026
E-book
Joast Hiddes Halbertsma It heksershol
It Hekserhol, in novelle fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), is ien fan de hichtepunten út de Fryske literatuer fan de 19e iuw. Ek yn de Nederlânske literatuer út dy tiid is der net folle dat dizze novelle belykje kin. It ferhaal beskriuwt de op- en ûndergong fan Gosse Knop, in skarlún dy't in kontrakt slút mei de duvel. Nei de ynhâld slút it boek oan by de romantyske tradysje (byleauwe, toverkeunsten, duvels en heksen) mar de styl fan fertellen is 'modern': saaklik, spotsk en ûnmeilydsum....
Westerlauwers Fries | 146 pagina's (ePub3, 0,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2026
E-book
Verena Koppel Tsjippy syn fliesirkus
Tsjippy helpt heit mei opromjen. As er in fergrutglês fynt en dêrtrochhinne yn syn amer mei kikkertsfiskjes sjocht, giet der in wrâld foar him iepen: hiel lytse bistjes blike wûnderlike acts te dwaan. Tsjippy tinkt dat er toverje kin. Dan fynt heit fynt in âlde sirkuskoffer en dat ynspirearret Tsjippy: hy wol in écht fliesirkus meitsje. Mar as er ta de ûntdekking komt dat de natuer him net stjoere lit, wurdt er lilk en jout er it op. Mei help fan heit leart er dat je gjin dieren hoege te behearskjen...
Westerlauwers Fries | 58 pagina's (3,9 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2026
E-book
Lêze, blinder
Tsien koarte ferhalen fan skriuwers fan no
Mei bydragen fan Jetske Bilker, Douwe Kootstra, Janneke Spoelstra, Klaas van der Hoek, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Wieke de Haan, Doeke Sijens, Marijke de Boer en Goffe Jensma De tradysje fan koarte ferhalen is lang en ken ek yn Fryslân in rike skiednis. Dy rint fan Aldfrysk en Gysbert Japicx, fia de Halbertsmabruorren nei Simke Kloosterman oant Trinus Riemersma. Yn dizze spesjale útjefte stean tsien ferskillende koarte ferhalen, oer mantsjes, katten en wittenskip, fan skriuwers fan no. In...
Westerlauwers Fries | 160 pagina's (ePub3, 3 MB) | Kleine Uil, Groningen | 2025
E-book
Willem Tjerkstra Beaken foar it Minskdom
Diel 26 fan 'In Fryske Odyssee'
Beaken foar it Minskdom is it seisentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje,...
Fictie
Westerlauwers Fries | 117 pagina's (ePub2, 4,1 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2022
E-book
Willem Tjerkstra Nei it Mystearje
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze...
Fictie
Westerlauwers Fries | 258 pagina's (ePub2, 4,6 MB) | Uitgeverij Aspekt, Soesterberg | 2022
E-book
Atze van Wieren Swannesang
De naam Swannesang suggereert een laatste verdienste, en dat is deze bundel in feite ook. Klaas Bruinsma heeft als sluitstuk in zijn leven gedichten van zijn goede vriend Atze van Wieren vertaald in, zoals gebruikelijk, prachtig klinkend Fries. Deze bundel bevat een bloemlezing uit de dichtbundels Grondstof, Bedevaart en Eeuwig leven van Van Wieren, die we in het Fries terugzien als Grûnstof, Pylgerreis en Ivich libben. De subtiele observaties en de soms gevoelige, soms onstuimige gemoedsbewegingen...
Fictie
Westerlauwers Fries | 200 pagina's (ePub3, 2,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Marianna van Tuinen Boer Bo en de dreamko
Ferona is in fleurige ko. Twa kear deis komt boer Bo om har te melken. Hearlik! Se kin ek wat hiel bysûnders. Ferona betinkt dingen dy't net kinne. Oranje molke, blau gers, in griene sinne. Oare bisten probearje it ek en belibje sa prachtige aventoeren. Kin boer Bo dat einliks ek? Dy is faak sa somber. 'Besykje it mar ris,' seit Ferona. En wat der dan mei boer Bo gebeurt ... Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 43 pagina's (ePub3, 27 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Marianna van Tuinen De reinbôgedolfyn
It dolfyntsje Lara wol sa graach yn de kleuren fan de reinbôge swimme. Se freget oan har freontsjes hoe't dat moat. Reno leart har dat se de kleuren op 'e boaiem fan de see fynt. En Fiola leart har dat se o sa heech springe kin, as se dat hiéééééél graach wol. Noch heger as de wolken. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 31 pagina's (ePub3, 15 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Venantius Fortunatus | Joop Zeinstra It libben fan de Hillige Martinus
It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus' Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om't it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen). Sint Martinus is hjoed de...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 90 pagina's (ePub3, 1,3 MB) | Elikser, Ljouwert | 2021
E-book
Meindert Bylsma Moard yn tsjerke
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 115 pagina's (ePub3, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Anneke Sieperda Omsjen
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief... Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub3, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book
Franz Kafka De metamorfoaze
Op in dei wurdt Gregor Samsa wekker en ûntdekt dat er yn in enoarm ynsekt feroare is. Hoe't hy en syn omjouwing dêr op reagearje wurdt mei begryp en irony beskreaun. It resultaat is ien fan de meast ferneamde ferhalen út de wrâldliteratuer. Franz Kafka (1883-1924) skreau it yn 1912 en it waard foar it earst publisearre yn 1915. Wolter Jetten út East-Fryslân sette it oer yn hjoeddeistich Frysk. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 125 pagina's (ePub3, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2021
E-book